Ask the Crowd helpt goede doelen om jild te fertsjinjen foar de realisaasje fan harren projekt!

Op Ask the Crowd kinst dysels presintearje en dyn project mei elkenien diele. En krijst as goed doel in persoanlike webshop, mei bysûndere aktiviteiten en leuke produkten, wêrby ‘sto by elste dielnimmer en op elste oankeap troch dyn efterbam en harren freonen kommisje fertsjinnest.

Dielname oan Ask the Crowd is foar goede doelen hielendal fergees. En do bepaalst sels wêrfoarst sparrest. Dus ofst` no in bysûndere aksje of leuke aktiviteit organisearret en jild nedich hast; meldt dyn projekt gau oan en begjin fuortendaliks mei jild fertsjinjen!

De persoan wa mei dielname of mei in oankeap in projekt steunt docht mei oan in unike aktiviteit, of ûntfangt in kwaliteitsprodukt en draacht by oan de realisaasje van jim projekt. Ask the Crowd biedt sa foardielen foar elkenien!

Sikesto jild om in projekt te realisearjen?

Pleats dan dyn projekt op Ask the Crowd. It is altyd fergees, dus wêrom net!

Nei it pleatsen fan it projekt fertelsto elkenien dysto kinst der oer. Yn real life en op social media. En do fregest of se harren oankeapen (fan no ôf) fia jim persoanlike webshop dwaan wolle.

De shop biedt unike aktiviteiten en der kinne prachtige produkten kocht wurde. Tsjin normale prizen, mar mei kommisje op elke oankeap foar jim projekt.

Fuort en daliks jild dat elke moanne útbetelle wurdt as bydrage foar it realisearjen fan dyn projekt!

Wolsto mear ynformaasje? Folje it kontaktformulier yn en wy sille binnen 48 oeren op wurkdagen kontakt mei dy opnimme

Wolsto dyn projekt fuortendaliks pleatse? Folje it pleatsingsformulier yn, dan gean wy der fuortendaliks mei oan’e slach.

  • Foar projekten fan € 250,- ôf

  • It fergees opmeitsjen fan dyn persoanlike projektpagina

  • It fergees opmeitsjen fan dyn persoanlike webshop

  • De kommunikaasje fan dyn projekt wurd fergees opsetten

  • Persoanlike begelieding by de útfiering fan dyn projekt

Ask the Crowd s in aktyf presintaasje- en kommisjeplatfoarm foar (lokale) goede doelen. Aktyf yn ‘e sin fan persoanlik belutsen te wêzen by it ynstellen, liedjen en útfieren fan kampanjes foar dyjingen dy’t in projekt pleatse en it kontakt ûnderhâlde mei harren efterban. En de efterban van de efterban.

Wy helpe (lokale) goede doelen by it presintearjen fan it projekt, de kampanje te kommunisearjen en om it doel te realisearjen. Under it motto: Gearwurkje oan dyn projekt!

Ask the Crowd stiet foar persoanlike belutsenens en oandacht foar de projekten op it platfoarm.